Grutte drokte by krystbeammeferkeap yn Fryslân

It giet sneon hurd mei de ferkeap fan krystbeammen. It wiete en stoarmeftige waar is gjin spulbrekker, want dy is ûnderdiel fan de tradysje, seit bedriuwslieder Ernst-Jan Walstra fan de Welkoop yn Ljouwert.
Grutte drokte by krystbeammeferkeap
De earste sneon nei Sinteklaas is tradisjoneel de topdei foar de krystbeammeferkeap. De Welkoop hie sneontemoarn noch sa'n tûzen beammen op foarried, mar dêr is al in aardich gat yn slein. Foaral de Nordmann-beammen binne populêr, want dy litte de nullen net sa gau falle. Dizze beammen binne wol justjes djoerder, mar in soad minsken hawwe dat der wol foar oer.
Bedriuwslieder Ernst_Jan Walstra fan de Welkoop
De kwaliteit en de priis fan de beammen is fergelykber mei dy fan ferline jier. De konsumint kiest hieltiid faker foar in beam mei klút, omdat dat makliker fûn wurdt.
It gie hjoed hiel hurd mei de krystbeammeferkeap © Omrop Fryslân