Ljouwerter hockeyklup spilet earste wedstriden yn nagelnij hockeydome

08 des 2018 - 15:02

By de Mixed Hockeyclub Ljouwert binne sneon de earste wedstriden spile yn de eigen nagelnije opblaashal. By de klup binne se wakker grutsk op dizze earste 'hockeydome' fan it Noarden. It giet om in ynvestearring fan sa'n 400.000 euro. Dy is dien yn de mande mei BV sport. Frijwilligers fan de klup hawwe hurd wurke by de opbou en de ynrjochting fan de opblaashal, dy't nei alle gedachten yn elts gefal sa'n tweintich jier tsjinst dwaan kin.

Yn de hockeydome kin winterdeis drûch trochhockeyd wurde, mar it is wol in oar type spul. Folle technysker, mei teams fan 6 jonges of famkes, en de bal moat ek op de flier bliuwe. De luchtdruk en de temperatuer yn de hal is konstant. De hal wurdt ein febrewaris wer ôfbrutsen, want dan is it fjild dêr't de dome op stiet wer nedich foar fjildhockey. Foar MHCL is it hawwen fan in eigen hal in útkomst.

Eigen hal

De klup wie wend om winterdeis sportsealen ôf te hieren foar sealhockey en moast dêrby faak útwike nei sealen bûten Ljouwert. No kinne de leden foar trainingen en wedstriden telâne yn de eigen hal, dy't sân dagen yn de wike brûkt wurde sil.

De hockeydome is sneon ynwijd troch de famkes fan D3 - Foto: Omrop Fryslân

Bestjoerslid Van Balen Walter fan MHCL

De famkes fan D3 hiene sneontemoarn betiid de eare om as earste in wedstriid te spyljen yn de hockeydome, tsjin de leeftiidsgenoatsjes út it Westerkwartier. De hockeydome wurdt letter op de dei noch offisjeel iepene troch wethâlder Hilde Tjeerdema fan de gemeente Ljouwert.

De hockeydome stiet flak achter it kluphûs - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Ljouwert hockey hockeydome MHCL
(advertinsje)