Streekboer ferkeapet ferkleure blomkoalen om ferneatigjen foar te kommen

08 des 2018 - 14:23

Fryske streekboeren komme yn aksje foar in partij 'gouden' blomkoalen. Tûzen oant twatûzen blomkoalen driigje ferneatige te wurden omdat se wat ferkleure binne.

Foto: De Streekboer

De giele blomkoalen lizze op it lân fan in boer yn de Noardeastpolder. Se moatte foar de froast fan it lân. It fabryk dat se ôfnimme soe, wol se net mear hawwe, omdat se te giel binne. Webwinkel De Streekboer biedt de griente no op de eigen webside foar in sêft priiske oan. De blomkoalen moatte foar takom woansdei 10:00 oere besteld wêze. Dan wurde se tongersdei en freed levere.

De Streekboer is yn 2016 ek al yn aksje kaam foar ôfkarde blomkoalen.

Trefwurden: 
blomkoal De Streekboer
(advertinsje)