Giele heskes demonstrearje yn Ljouwert en op It Amelân tsjin kabinetsbelied

08 des 2018 - 13:08

Oeral yn Nederlân demonstrearje minsken mei giele heskes tjin it kabinetsbelied. Yn Ljouwert komme 'giele heskes' byinoar op it Saailân foar in demonstraasje fan sneontemidei. Op It Amelân is ek de needklok let troch 'giele heskes'. Dêr protestearje se tsjin lokale ûntwikkelings, benammen yn de âldereinsoarch op it eilân.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn it hiele lân binne sneon demonstraasjes. Yn Amsterdam, Rotterdam en Den Haag dogge op dit stuit hûnderten minsken mei oan de protestaksjes. Ferline wike wie op it Saailân ek al in protest fan 'giele heskes'. Dêr dienen doe sa'n tsien minsken oan mei.

(advertinsje)