Goud foar Suzanne Schulting, sulver foar Sjinkie Knegt yn Kazachstan

Shorttrackster Suzanne Schulting hat by de wrâldbekerwedstriden yn Almaty yn Kazachstan goud wûn op de 1000 meter. Rianne de Vries stie ek yn de finale, mar sy kaam net fierder as it fjirde plak.
Suzanne Schulting (argyffoto) © www.orange-pictures.nl
Sjinkie Knegt hat sulver helle yn de finale fan de tûzen meter. De Hongaar Shaoang wie him krekt foar, ek al wie dat mei it bleate each net waarnimber. Itzhak de Laat is as twadde einige yn de B-finale. Daan Breeuwsma slagge der net yn om op de 1500 meter de finale te heljen.