Basketbalcoach Erik Braal ko-kommentator Wedstriid fan de wike

08 des 2018 - 10:56

De Wedstriid fan de wike hat sneontejûn in bysûndere ko-kommentator. Erik Braal, de suksesfolste coach fan Nederlân skoot nammentlik oan by de wedstriid Aris-Leiden. Braal is op dit stuit coach fan Nederlânsk kampioen Donar út Grins.

Foto: Omrop Fryslân

Braal wie coach fan Aris tusken 2011 en 2013. Yn it lêste seizoen helle er, tsjin alle ferwachtings yn, de finale. De lêste trije jier waard er lânskampioen mei Donar en wie er suksesfol yn Europa.

Aris-Leiden is in duel tusken de nûmer 6 en de nûmer 3. Leiden is mei dêrtroch de favoryt. De wedstriid is live te folgjen fan 19:50 ôf op www.omropfryslan.nl en fia de Omrop-app. Kommentator is Roelof de Vries.

Foto: ANP
(advertinsje)