Wittenskiplik sympoasium yn Ljouwert oer behâld koraalriffen

08 des 2018 - 09:19

"Wy kinne fan alles betinke foar de restauraasje fan it koraalrif, mar as de opwaarming fan de ierde trochset, sille wy dêr úteinlik neat oan hawwe." Dat wie ien fan de konklúzjes by in wittenskiplik sympoasium op Van Hall Larenstein oer it behâld fan koraalriffen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De Ljouwerter hegeskoalle wie freed gasthear fan it netwurk Acropora. Sawat hûndert wittenskippers en studinten bûgden harren dêr oer de fraach hoe't it koraalrif rêden wurde kin. By it fakgebiet 'Tropyske Marine Ekology' binne ek yn Ljouwert in soad minsken belutsen.

Yn de stúdzje wurdt ûnder mear sjoen nei keunstmjittige riffen dêr't koraal op groeit dat letter útset wurde kin op natoerlike riffen. Fanút Ljouwert wurdt ûnder mear ûndersocht wat yn dy situaasje de uteinlike effekten binne foar it koraal en de fisken.

Dat de Tropyske Marine Ekology yn Nederlân yn ferhâlding in soad omtinken kriget, komt ûnder mear troch ús bân mei de Nederlânske eilannen Saba, Sint-Maarten en Sint-Eustatius yn it Karaibysk Gebiet.

Dosint/ûndersiker Alwin Hylkema

(advertinsje)