Slingerjende automobiliste klemriden op rotonde yn Ljouwert
De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert in auto klemriden op it Europaplein. By de meldkeamer wie in melding binnenkaam oer in auto dy't slingerjend en ûnferljochte oer de dyk ried. De 50-jierrige bestjoerster fan de auto hie tefolle dronken, sa die bliken. De frou krige in rydferbod fan tsien oeren.
Trefwurden:
dronken