Kollum: "Moderne slaven"

08 des 2018 - 08:20

"Jim witte wol dat ik wat mei taal haw. Oars soe ik grif ek gjin kollums skriuwe en sa no en dan in boek produsearje. Boartsje mei taal is moai. Mar soms griis ik fan taal.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Sjoch, it Frysk en in Ingelsk is my hast like leaf. Ik bin gek op Ingelsk, omdat it tichtby it Frysk komt. Mar wêr't ik in freeslike hekel oan haw, is it hast stuitsjende brûken fan Ingelske wurden yn de talen dy't we hjir sprekke. Undersyk hat útwiisd dan Nederlanners it minst grutsk op harren taal binne. Ik bin mar sa frij om dêr Friezen ek by te setten.

Ferbrekke is in nasjonale hobby. Frysktalige sjoernalisten uterje harren, op in pear útsûnderingen nei, op de sosjale media altyd yn it Hollânsk en yn Amsterdam kinne je tsjintwurdich allinnich noch yn it Ingelsk telâne. Lang libje de foarútgong. No, ik tink dat we mei syn allen oan it ferearmjen binne wat ús talen oanbelanget. Nochris, wy binne wrâldkampioen ferbrekken en dy titel sille we nea wer ferspylje.

Yn ús talen slûpt it Ingelsk al mar mear binnen, nee, stoarmet it as in oaljefant troch de diggelkast, kin ik better sizze. As jimme my fjouwer radioreklames sûnder in Ingelsk wurd neame kinne, winne jim de firtuele feestsigaar. O nee, smoke mei ek net mear. It is dreech om alles by te hâlden.

Dizze wike kaam ik it wurd getraded tsjin. Ge-tra-ded. Ik haw der in skoft nei sjoen en moast der hast fan spuie. Sa ferskriklik is de twang om Ingelsk yn te boargerjen dat we ferbûgingen brûke om it mar in Nederlânsk sauske te jaan. Getraded. Geframed. Der binne mear fan dy pine-yn-de-holle-foarbylden.

Yn dit gefal gie it oer in iishockeyspiler dy't fan de iene nei de oare klup gie. Yn it Ingelsk sizze je dan: The player has been traded from club A to club B. Traded is dan in gewoan tiidwurd. Mar wy as Nederlanners en Friezen fine traded blykber in folle better wurd as ferhannele. Want to trade is gewoan ferhannelje. De spiler kriget in transfer, mar transfer is ek al wer in wurd út in frjemde taal. Op himsels haw ik dêr gjin muoite mei, mar it folslein belachlike Hollânske taheakjen fan ge-traded yn stee fan traded is sa gekunsteld, dat je der pine yn it liif fan krije. It bekket ek net. It is Ingelsk ynbreidzje wolle op in wize dy't net past. Ophâlde dêrmei.

Trouwens, om noch even op de slavernij werom te kommen, in tige populêr ûnderwerp, der binne tsjintwurdich ek slaven dy't miljonêr binne. In spiler yn de NHL, de grutste iishockeykompetysje fan de wrâld, kin fan de iene op de oare dei op de hichte brocht wurde fan it feit dat er ferhannele is nei in oare klup. Dêr hat er sels net folle oer te sizzen. De alderbêste spiler aller tiden, Wayne Gretzky, oerkaam it ek. Hy waard mei triennen yn de eagen fan de iene op de oare dei fan Edmonton nei Los Angeles traded.

Sjogge jim no wol dat traded folle better bekket dan ge-traded? Sille we asjebleaft ophâlde mei dat dwaze gegriem mei dat Ingelsk? Ingelsk is in prachtige taal. Frysk ek. Brûk dat dan beide, mar meitsje der gjin hutspot fan, dat is typyske Hollânske kost. It sêdet, mar it is net om echt grutsk op te wêzen."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)