"Befolking te let belutsen by sânwinning Iselmar"

09 des 2018 - 21:04

De oerheid hat flaters makke yn de ynformaasjefoarsjenning oer de mooglike gefolgen fan de sânwinning yn de Iselmar. Dat seit bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert. Neffens him hie it Ryk, de provinsje of de gemeente De Fryske Marren al fjouwer jier lyn better dúdlik meitsje moatten wêr't it no eins om giet.

Foto: Omrop Fryslân

"Vooral omdat het hier om een gebied gaat dat sowieso de komende jaren het nodige krijgt te verduren. Zo wordt de Afsluitdijk aangepast, komen er windmolens en misschien dus ook nog zandwinning." Neffens Osinga is it dan ek net ûnferstannich dat der no in pear wiken ekstra neitocht wurde kin oer dy sânwinning.

Utstel beslút

Ferline wike naam de gemeenteried it beslút om earst noch gjin ja of nee te sizzen tsjin de sânwinningsplannen foar de Iselmarkust by Aldemardum. Reden dêrfoar wie dat der yn de Twadde Keamer fraachtekens binne oer oft it proses nei it beslút ta wol goed ferrûn is. In moasje wêryn't de Keamer de minister opropt om alle stappen nochris op papier te setten, waard tiisdei unanym oannommen. Dochs tinkt Osinga dat der formeel neat ferkeard gien is.

"Alle stappen die genomen moeten worden, zijn ook genomen. Maar waar het misgaat, is dat er niet naar het totaalplaatje is gekeken. Er is niemand geweest die de effecten van de windmolens, de Afsluitdijk en de zandwinning bij elkaar heeft gezet. En vooral voor de bevolking is dat niet duidelijk genoeg geweest."

It sanwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen giet - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

It beslút om út te stellen is wol opmerklik, fynt Osinga. Benammen om't it sa let nommen waard. "Maar het is wel verstandig, als je ziet waar ze eigenlijk een besluit over moeten nemen."

Osinga tinkt dat de kommende Provinsjale Steateferkiezingen ek noch in rol spylje kinne, no't it beslút yn jannewaris wer op de aginda stiet. "Dan is het relatief kort voor de Statenverkiezingen van 20 maart. Ik kan niet in de hoofden van de politici in De Fryske Marren kijken, maar kan me heel goed voorstellen dat ze er wel over nadenken."

(advertinsje)
(advertinsje)