Posysje SC Hearrenfean-direkteur Luuc Eisenga liket ûnhâldber

Alles wiist derop dat direkteur Luuc Eisenga fuortgiet by Sportklup Hearrenfean. It Stichtingsbestjoer fan de klup hat freedtemiddei mei Eisenga om tafel sitten om oer syn posysje te praten. Nei alle gedachten makket SC Hearrenfean takom wike bekend dat de klup en Eisenga útelkoar gean.
© www.orange-pictures.nl
Ut namme fan Eisenga wie Bert Kingma oanwêzich. Kingma is in advokaat dy't spesjalisearre is yn arbeidskonflikten en strafrjocht. Fan it Stichtingsbestjoer fan Hearrenfean sieten Cees Rozemond en Rico Jalink derby mei harren advokaat Pieter Tuinman.

Problemen mei sponsoaren

It rommelet al in skoft by SC Hearrenfean. Ferline wike waard bekend dat der in konflikt is tusken de klup en haadsponsor GroenLeven. Eisenga soe de tasizzing dien hawwe om him "maksimaal yn te spannen" om sinnepanielen fan GroenLeven op it dak fan it Abe Lenstrastadion te lizzen. Dy tasizzing koe er net dwaan, omdat net de klup, mar Sportstad Heerenveen de eigener is fan it stadion.
Ek oare sponsoaren soenen twivels hawwe oft se trochgean wolle by Hearrenfean. In diel fan harren kin net goed mei Eisenga oerwei.
Ferslachjouwer Roelof de Vries oer mooglik fuortgean Luuc Eisenga