Swierbefochten punt foar sealfuotbalsters Drachtster Boys yn Amsterdam

07 des 2018 - 22:15

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn yn Amsterdam in swierbefochten punt pakt. Yn in spannend duel tsjin Os Lusitanos waard it úteinlik 3-3 yn sporthal Aristos.

In argyffoto fan de froulju fan Drachtster Boys. - Foto: Twitter @dftda1

It earste doelpunt fan Drachtster Boys wie foar Aafke de Hoek, dy't de bal út de twadde line hurd binnen skeat. It wie ek it iennige doelpunt fan de earste helte. Nei it skoft bruts it duel tusken de beide ploegen hielendal iepen. De wedstriid wie mar krekt wer oan 'e gong doe't Michelle Playfair de lykmakker op it skoareboerd sette.

Spannende twadde helte

Twa minuten letter kaam Drachtster Boys op foarsprong troch captain Jessie Prijs, mar Petra Verbeek wie skerp en brocht de Amsterdammers op likense hichte. Net folle letter sette captain Prijs de Boys op 2-3, mar ek doe waard al rap de lykmakker notearre. Playfair tikke binnen nei in pass fan Bouchra Moudou. Nettsjinsteande inkelde kânsen yn de slotfaze bleau it skoareboerd nei it lêste sinjaal op 3-3 stean.

Ek punt foar Avanti

Avanti pakte freedtejûn thús yn Stiens in punt tsjin de froulju fan Hovocubo út Hoorn. Ek yn Stiens bleau it by 3-3. Si Shut Hau wie mei twa doelpunten wichtich by it behelle punt foar Avanti.

(advertinsje)