FNP stelt fragen oer kommunikaasje fan problemen by TopDutch

07 des 2018 - 22:04

De fraksje fan de FNP yn Provinsjale Steaten stelt fragen oer de problemen by TopDutch. Dat is de kampanje dy't oarspronklik bedoeld wie om Tesla nei it noarden fan Nederlân te heljen. By TopDutch is ynterne strideraasje en boppedat freget de FNP him ôf wat der mei it jild bard is. De partij is kritysk oer de gong fan saken en hie earder ynformearre wêze wollen, want de problemen spylje al lang.

TopDutch wie derop rjochte om Tesla nei Noard-Nederlân te heljen - Foto: ANP

"Dy ynterne strideraasje is yn de simmer begûn", seit FNP-Steatelid Sybren Posthumus. "Dêrnei is dat eskalearre." It giet tusken de fjouwer partijen dy't meiinoar 1,35 miljoen euro krigen hiene. Yn de diskusje stiet it Grinzer reklameburo Initio oan de iene kant en trije oare partijen oan de oare kant, wêrûnder it Fryske ynternetburo TRES. Dat docht ek bliken út ûndersyk fan RTV Noord. Posthumus: "Dy problemen binne yn july kenber makke, mar pas heal oktober hat der in earste petear west mei de buro's."

"De Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe oant no ta noch gjin inkele ynformaasje krigen oer dy problemen", seit Posthumus. Mei dêrom stelt syn partij no fragen.

"Is dat jild ferbrând?"

Boppedat liket it der neffens de FNP net op dat it TopDutch slagget om Tesla nei Noard-Nederlân te krijen. "De earste sinjalen wize derop dat Tesla kiest foar in fabryk yn Dútslân of Frankryk." TopDutch hie 1,35 miljoen euro krigen foar de kampanje. "Wy begripe dat dêr no hast 600.000 euro fan útjûn is", seit Posthumus. "Is dat jild ferbrând?"

De FNP wol ek witte oft Fryslân profitearre hat fan de kampanje. "It is ek net sa dat oare bedriuwen hjir nei takommen binne."

Sybren Posthumus (FNP) oer TopDutch

(advertinsje)
(advertinsje)