FIDEO: Alvestêdetocht en de Thialf-situaasje yn Fryslân Hjoed

"We krije in kâlde winter", seit Pyt Paulusma. En as de waarman dat seit, dan geane ús gedachten automatysk nei de Alvestêdetocht. De lêste kear is al hast 22 jier lyn: 4 jannewaris 1997. En elk jier, om dizze tiid hinne, begjint it hast fansels in bytsje te kribeljen.
FIDEO: Maratonriden petear
Dêroer gie it freed yn de sportútstjoering fan Fryslân Hjoed op telefyzje.
Oan tafel by presintator Arjen de Boer sieten Klasina Zeinstra, Peter de Vries en Marten Hoekstra. Ek de aktualiteit, de situaasje mei de iishockeyhal by Thialf, kaam oan 'e oarder.