Poëzystien foar alle LF2018-frijwilligers

07 des 2018 - 20:03

Om alle frijwilligers fan Ljouwert-Fryslân 2018 te betankjen, komt in poëzystien yn Ljouwert. Dat is freed, op de nasjonale frijwilligersdei, bekend makke. Op de poëzystien komt in gedicht oer de ûnmisberens fan frijwilligers, skreaun troch Eeltsje Hettinga, de Dichter fan Fryslân.

Frijwilligers by de Reuzen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ljouwert hat sûnt 1993 in Poëzyrûte. Doe, 25 jier lyn, waarden de earste tsien gedichten oplevere. Dêrnei binne der alle jierren stiennen mei gedichten bykommen. It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân wol ûndersykje oft it mooglik is om dy rûte tagonklik te meitsjen foar minsken mei in beheining.

(advertinsje)