Betize man fytst grêft yn en wol der net mear út
Op It Hearrenfean is freed oan it begjin fan de jûn in betize man de Lindegrêft yn fytst. It wetter dêr is net djip en hy stie yn it wetter.
De helptsjinsten waarden manmachtich alarmearre. Sy fregen de man om út it wetter te kommen, mar dat woe er earst net. Nei in skoftke is er mei syn fyts dochs út it wetter komme.
De man makke aardich wat leven. Him mankearret fierder neat. Foar de wissichheid wie er ûndersocht troch ambulânsepersoniel.