Mathieu nei skorsing: "Ik moet het accepteren en doorgaan"

07 des 2018 - 18:18

Justin Mathieu is teloarsteld yn de straf dy't him oplein is troch SC Cambuur. De oanfaller moat oant de winterstop mei it twadde alvetal meitraine en mist fjouwer duels fan it earste. Cambuur wol net bekend meitsje wêrom't Mathieu skorst is. De spiler docht dêr sels ek gjin útspraken oer. "Ik moet het accepteren en doorgaan", seit er.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Verschillende dingen begrijp ik wel, maar dat hadden ze ook anders kunnen oplossen." De kluptopskoarer fan de Ljouwerter sjocht ek yn de spegel: "Ik had dingen misschien wat anders aan moeten pakken. Dat is het enige dat ik mezelf kwalijk kan nemen, want presteren heb ik wel gedaan."

Hoe't de takomst fan Mathieu by Cambuur derútsjocht, is de fraach. Op de koarte termyn betsjut it benammen teloarstelling: "Want met het tweede meetrainen, is natuurlijk geen pretje." Oer in tal wiken komt der in petear tusken Mathieu, syn saakwaarnimmer en Cambuur. Dan sjogge se nei de lange termyn. Mathieu hoecht net fuort, want fan in fersteurde relaasje mei trainer René Hake is neffens him gjin sprake: "Ik heb gewoon een goede band met René."

It is net de earste straf foar Mathieu by Cambuur. Hy waard troch âld-trainer Marinus Dijkhuizen aris bûten de seleksje hâlden, doe tegearre mei Ricardo Kip. Yn maart fan dit jier kaam Mathieu ek mei de hjoeddeiske trainer René Hake yn botsing. Hy hie him doe net oan de ôfspraken hâlden.

(advertinsje)