Meardere files rûnom yn Fryslân nei ûngelokken

07 des 2018 - 18:09

Op de A32 by Aldeholtwâlde wie it freedtejûn gaos. Der stie in file fan inkelde kilometers as gefolch fan in ûngelok. It ferkear fan It Hearrenfean yn 'e rjochting fan Wolvegea stie fêst, nei't fjouwer auto's op in oare auto botst wiene.

Foto: De Vries Media

Dy stie stil fanwegen in iensidich ûngelok. Minsken yn 'e auto yn 'e omjouwing fan It Hearrenfean moasten rekken hâlde mei fertraging.

Harns

Ek op de N31 by Harns stie it ferkear in skoftke stil. In frachtwein wie dêr in part fan syn lading ferlern. De brânwachtminsken fan Harns en Wytmarsum waarden oproppen om help te ferlienen.

Foto: Jeannette van der Ploeg
(advertinsje)