Takomst fan Caparis wurdt pas yn febrewaris dúdlik

07 des 2018 - 17:53

Takom jier febrewaris moat dúdlik wurde hoe't de takomst fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis derút sjocht. Freed sieten de acht gemeenten dy't eigener binne fan Caparis en de direkteur byinoar om te bepraten oft en hoe't it fierder moat mei it bedriuw. Caparis hat 2200 minsken yn tsjinst.

Yn in spesjale bestjoerskonferinsje kamen de wethâlders en de Caparis-direkteur freed byinoar yn it gemeentehûs fan Smellingerlân. By Caparis wurkje minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Al jierren wurdt der diskusjearre oer hoe't de wurkfoarsjenning funksjonearje moat. Guon gemeenten ha earder al oanjûn eins net mear mei Caparis yn see te wollen. Smellingerlân, Ljouwert en Hearrenfean en Opsterlân wolle dat just wol.

Konstruktyf en posityf

Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert: "In pear gemeenten hawwe sein: we geane derfoar. Oare gemeenten hawwe fragen. Dy moatte ek by har ried del. Dat begripe we, want sa wurket dat yn in demokrasy. Dêr ha we hjoed hiel konstruktyf en posityf oer praat. Dat is wichtich, benammen foar de minsken by Caparis."

De kommende oardel moanne moatte dy oare gemeenten bepale wat se wolle. Begjin febrewaris moatte dan spikers mei koppen slein wurde. It 'beskut wurkjen', wurk foar minsken dy't net sûnder begelieding wurkje kinne, bliuwt yn alle acht gemeenten by Caparis sa liket it. Neffens Douwstra is der ienichhyd oer by de gemeentes dat dizze minsken beskerme wurde moatte. "Dat is in kwetsbere groep minsken dy't oandacht en begelieding fertsjinnet. Dêr steane we mei ús achten foar, dêr is gjin twivel oer", seit Douwstra.

(advertinsje)