Iepenloftspul Myn Skip wint Friese Anjer 2018

It iepenloftspul Myn Skip út Earnewâld hat dit jier de Friese Anjer wûn. Dat is in priis fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. Yn it iepenloftspul fan Age Veldboom en Cathrienus Herrema wurdt it skûtsje 'Myn Skip' folge troch trije tiidsperioaden hinne. Yn it stik waard hûndert jier skûtsjehistoarje fertaald yn muzyk, yn byld, dûns, teäter en ferhaal.
© Omrop Fryslân
Yn dy hûndert jier binne skûtsjes feroare fan silende frachtskippen en tagelyk krappe wenromte nei majestueuze wedstriidskippen. Myn Skip waard ein septimber opfierd.
Neffens kommissaris fan de Kening, Arno Brok, slút de foarstelling perfekt oan op wêr't it Prins Bernhard Cultuurfonds foar stiet: "Het stimuleren van de amateurkunst op het terrein van theater, muziek, geschiedenis en aandacht voor de natuur."
Age Veldboom en Cathrienus Herrema namen de priis yn ûntfangst. Dy priis is in spjelde en 2500 euro.

Seis gadingmakkers

Oare nominearren wiene Anna Tilroe fan it projekt fan de alve fonteinen, Hilda Snippe foar it tagonklik meitsjen fan kulturele eveneminten foar minsken mei in beheining, it projekt At the Watergate út Snits, Grutsk út Ljouwert en de Grootste Gehaakte Deken.
It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hie besletten dat de priis dit jier gean soe nei in projekt fan Kulturele Haadstêd. Ynwenners fan Fryslân koene gadingmakkers nominearje.
It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân rikt sûnt 1991 alle jierren de Fryske Anjer út oan persoanen, ferieningen of ynstellingen dy't har op in bysûndere wize ynset ha foar de Fryske kultuer of natuer. Eardere winners wiene ûnder oaren dichter Tsjêbbe Hettinga, toanielskriuwer Bouke Oldenhof, it Frysk Jeugd Orkest en sjongeres Elske DeWall.