Direkteur Fries Museum by 'uitblinkerslunch' op Paleis Noordeinde

07 des 2018 - 17:29

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum yn Ljouwert wie freed ien fan de gasten by in spesjale lunsj op Paleis Noordeinde, mei Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima. It keninklik pear nûget alle jierren in groep minsken út dy't harren ûnderskieden ha troch in bysûndere prestaasje. De Kening en de Keninginne wolle sa har wurdearring útsprekke foar wat de gasten berikt ha. De iterij stiet bekend as de 'uitblinkerslunch'.

Foto: RVD

Kris Callens wie te gast omdat hy mei it Fries Museum in Global Fine Art Award wûn hat, in priis dy't ek wol bekend stiet as de Museum Oscar. It museum krige de priis foar de tentoanstelling oer de skilder Alma Tadema.

De oare gasten ha ek koartlyn in priis of ûnderskieding krigen, foar harren prestaasjes op harren eigen terrein, bygelyks de sport, de media of de wittenskip. Under har wiene ûnder oare aktrise Monique van der Ven, dy't in Gouden Kalf krige, presintator Beau van Erven Dorens, dy't de Gouden Televizier Ring en Zilveren Televizier-ster wûn, en heechlearaar Beatrice de Graaf, dy't dit jier de Stevinpreemje krige, in wittenskipspriis.

(advertinsje)