Efterfolgingsploegen bûten de medaljes yn Tomaszów Mazowiecki

Op de wrâldbekerwedstriid reedriden yn Tomaszów Mazowiecki (Poalen) binne de Nederlânske manlju, mei Jorrit Bergsma as iennige Fries, teloarstellend achtste wurden op de ploege-efterfolging. Dêrmei sakje se yn it klassemint ek fan it earste nei it fjirde plak.
Argyffoto Jorrit Bergsma © www.orange-pictures.nl
Mei 3.53.670 wiene Bergsma, Simon Schouten en Kars Jansman goed seis sekonden stadiger as Japan, dat freed de rapste wie. Noarwegen waard twadde en is dêrmei winner wurden fan it einklassemint by de ploege-efterfolging, want dy ôfstân stiet dit seizoen letter net mear op it programma.

Froulju fjirde

De Nederlânske froulju, mei Ireen Wüst, Lotte van Beek en Melissa Wijfje, waarden mei 3.07.01 fjirde yn Poalen. Ek by de froulju wûn Japan de ôfstân. Dat is al foar de tredde kear en dêrmei pakten se ek de winst yn it einklassemint.