Oarlochsmonumint De Jouwer by deadebetinking wer te berikken

It oarlochsmonumint op de Jouster Toer op De Jouwer is wer goed te berikken by de jierlikse deadebetinking. De stichting Nationale Herdenking Joure en de Stichting Militaire Veteranen Skarsterlân hiene beswier makke, fanwegen de auto's dy't yn it paad stienen en de yndieling fan de wykmerk.
© Google Streetview
De stichting hat dêroer om tafel sitten mei de gemeente De Fryske Marren. Der is ôfpraat dat der in parkearferbod komt en dat de merk rekken hâldt mei wêr't de kreammen krekt komme te stean. Sa is it monumint by de kommende betinking goed te berikken.