Fryske Gea keapet âld stik agraryske grûn by Easterwâlde

07 des 2018 - 16:44

Natuerbehearder It Fryske Gea keapet Rikkinge, in âld stik kultuerlânskip oan de râne fan Easterwâlde. Dêrmei wolle se it iuwenâlde kultuerlânskip ek yn de takomst beskermje. It ûnderhâld wie jierrenlang yn hannen fan de biologyske boer Hoekstra.

Foto: Elske van der Kooi

"Wy tinke dat natuer en lânbou inoar folle mear fersterkje kinne", seit It Fryske Gea-direkteur Henk de Vries. "Natuerynklusive lânbou hat dêryn de takomst. De basis leit yn it brûken fan elkoars kunde oer de natuer en it lânskip, de wei fan de boer nei de konsumint lytser te meitsjen en it stribjen nei mear biodiversiteit. We binne der grutsk op dat Rikkinge aanst in prachtich úthingboerd is foar duorsumere lânbou."

Iuwenâld stik kultuerlânskip

"We behâlde hjir in iuwenâld stik kultuerlânskip", seit De Vries. "Fierder jouwe we ek in beskieden ympuls oan natuerynklusive lânbou en biede we de Friezen biologyske produkten fan eigen boaiem oan."

It Prins Bernhard Cultuurfonds en de Nationale Postcode Loterij holpen It Fryske Gea by it finansierjen fan de oankeap fan it stik lân.

Trefwurden: 
it Fryske Gea Rikkinge
(advertinsje)