Blessearre basketballer Williams komt sa stadichoan werom

07 des 2018 - 16:39

Hy is noch mar 22 jier, mar kaam mei in soad ferwachtingen nei Ljouwert. Hege ferwachtingen fan himsels, fan syn coach en fan de fans. Mar Aris-basketballer Jonathan Williams rekke blessearre yn de tarieding, oan syn knibbel. Stadichoan krabbelet hy werom en tongersdei makke hy syn rentree tsjin Weert. Hy is noch net op wedstriidnivo en Aris ferlear yn Limboarch, mar in goede Williams kin Aris goed brûke.

College-basketballer by VCU

Foar syn komst nei Ljouwert spile Williams by VCU. Hy groeide op yn New Jersey en New York, mar gie foar college op syn 16e nei de Virginia Commonwealth University yn Richmond. Dêr spile hy fjouwer seizoenen lang. Hy spile yn de Atlantic 10 Conference, yn Noardwest-Amearika. Dat is ien fan de bêste ôfdielingen yn it college-basketbal yn Amearika.

Hy skoarde dêr yn it lêste seizoen in gemiddelde fan 9,3 punten en 5,7 assists yn 'e wedstriid. Hy stiet benammen bekend om syn kwaliteiten as ferdigener en de akrobatyske wize wêrop hy somstiden nei de basket giet. "Ik ben een beetje goed in ongeveer alles. Ik werk hard en lever veel passie. Dat is wat de fans van me kunnen verwachten."

Foto: Dijksfotografie

Blessuere: in botkniezing

Williams kaam op 1 september yn Nederlân en spile net folle letter in oefenwedstriid yn Amsterdam. Dêr gie it mis. Aris-coach Tony Van den Bosch: "Hij heeft een erfelijke aandoening waar hij eigenlijk nooit last van had, maar wat nu opeens opspeelt." Williams: "Het is een botkneuzing onder mijn knieschijf. Heel vervelend, maar ik hoop deze week weer minuten te maken. Ik hoop tussen de 10 en 15 minuten te kunnen spelen."

Foto: Dijksfotografie

Lange tiid gie it net goed mei Williams. "Na zijn blessure was hij down. We moesten hem er uithalen en dat is gelukt. Het is wel een jonge jongen hè. Hij is nog maar 22, het zijn net kinderen. Je moet ze begeleiden. Zo zijn we vaak mee gegaan naar het ziekenhuis. Daar kreeg hij persoonlijke begeleiding om het weer terug op niveau te krijgen. En dat gaat lukken. We gaan nog veel plezier aan hem beleven."

Nei Ljouwert

De Aris-coach hat kontakten mei syn manager en mei tank dêroan kaam Williams nei Ljouwert. "Hij speelt in één van de zwaarste Conferences in Amerika en speelt als pointguard eigenlijk altijd in een goed team. Dat zegt wel wat. Ik had ook nooit gedacht dat we hem naar Nederland zouden kunnen krijgen," sa seit de Belgyske coach.

Klik hjir om te sjen wat de coach fan VCU oer Willams seit en nei de statistiken fan syn lêste fjouwer seizoenen.

Foto: Omrop Fryslan

Sneon is de wedstriid fan de wike Aris-Leiden. Aris stiet sechsde en Leiden tredde. De wedstriid wurdt sneon live útstjoerd op www.omropfryslan.nl en op de app en begjint om 20.00 oere.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(advertinsje)