Auto mei man en twa bern yn de sleat by Dronryp
Oan de Longbuorren by Dronryp is freedtemiddei in auto yn in sleat bedarre. Yn de auto sieten in man en twa bern.
Mei help fan omstanners koene de trije út de auto komme. Sy binne bot skrokken, mar wol allegear by kennis. In ambulânse hat se wer nei hûs brocht.