Kommissaris Arno Brok fan no ôf offisjeel ynwenner fan Waadhoeke

07 des 2018 - 16:18

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is fan freed ôf offisjeel ynwenner fan de gemeente Waadhoeke. Oan de ein fan syn amtsbesite oan de nije gemeente liet er him freedtemiddei ynskriuwe op it gemeentehûs yn Frjentsjer.

Foto: Provinsje Fryslân

Kommissaris Brok waard mei in boske blommen wolkom hjitten troch de nije boargemaster fan Waadhoeke, Marga Waanders. Sy begûn ein oktober offisjeel nei har jierrenlange boargemasterskip fan Dongeradiel.

Frjentsjer

Arno Brok hat sûnt oktober in hûs yn Frjentsjer. Hy hat dêr in wenning kocht oan de Voorstraat yn it sintrum. Hjirfoar wenne er yn in hierhûs yn Balk.

Foto: Google Streetview
(advertinsje)