Manljus- en frouljusploech shorttrack nei heale finale yn Almaty

07 des 2018 - 15:58

De efterfolgingsploegen by de manlju en froulju binne op de wrâldbekerwedstriden shorttrack troch nei de heale finalen. De shorttrackers binne dit wykein yn Almaty, Kazachstan. Ek op de yndividuele ôfstannen binne de measte Friezen troch.

Argyffoto mei Rianne de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Suzanne Schulting en Rianne de Vries binne op de 1.000 meter troch nei de kwartfinale en op de 1.500 meter nei de heale finale. Schulting waard freed twa kear earste. De Vries waard op de 1.000 meter yn har heat earste. Yn de kwartfinale op de 1.500 waard De Vries tredde, mar se giet troch as ien fan de tiidrapsten.

Manlju

By de manlju giet Sjinkie Knegt in ronde fierder op de 1.000 en 1.500 meter. Itzhak de Laat giet troch op de 500 en de 1000 meter, Daan Breeuwsma en Jasper Brunsmann op de 500 en 1.500 meter. Dennis Visser wie minder gelokkich: op de 1.000 meter waard er útskeakele fanwegen in penalty en yn syn kwartfinale yn de 1.500 meter waard er fjirde.

Ploege-efterfolging

By de froulju dogge Schulting en De Vries mei Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof mei oan de ploege-efterfolging. Sy waarden earste yn har kwartfinale. By de manlju bestiet de ploech folslein út Friezen: Breeuwsma, De Laat, Knegt en Visser. Ek sy giene troch mei in earste plak.

By de mingde ploege-efterfolging waard Nederlân, mei Breeuwsma, Brunsmann, Schulting en Van Kerkhof, útskeakele. It fjirde plak yn de kwartfinale wie net goed genôch.

Trefwurden: 
shorttrack wrâldbeker Almaty
(advertinsje)