Ireen Wüst krekt njonken it poadium op 1000 meter yn Poalen

07 des 2018 - 15:41

Ireen Wüst is by de wrâldbekerwedstriid yn de Poalske stêd Tomaszów Mazowiecki fjirde wurden op de 1.000 meter. Mei 1.16.89 wie se presys oardel sekonde stadiger as Brittany Bowe út Amearika, dy't de ôfstân wûn. Miho Takagi út Japan waard twadde en Daria Kachanova út Ruslân tredde.

Foto: ANP

Mei 1.17.53 einige Letitia de Jong út Feanwâlden as alfde. Sy ried earder op de dei al de 500 meter yn de B-groep. Dêryn waard se tredde.

Ploege-efterfolgingen

Letter op freed steane de ploege-efterfolgingen noch op it programma. Dêroan dogge ek Friezen mei: Wüst en Reina Anema (reserve) by de froulju en Jorrit Bergsma by de manlju.

(advertinsje)