Wrâldbeker 500 meter: Janine Smit 13e, Letitia de Jong promovearret

07 des 2018 - 15:19

Reedrydster Janine Smit fan It Hearrenfean is by de wrâldbekerwedstriden yn Tomaszów Mazowiecki (Poalen) 13e wurden op de 500 meter. Se ried de ôfstân yn 39.01 sekonde. De oerwinning gie nei Vanessa Herzog út Eastenryk yn 39.97.

Argyffoto Janine Smit - Foto: www.orange-pictures.nl

Smit stiet no 16e yn it wrâldbekerklassemint fan de 500 meter. Yn de B-groep waard Letitia de Jong út Feanwâlden tredde yn 39.40. Dat is krekt genôch foar promoasje nei de A-groep.

Jesper Hospes fan It Hearrenfean kaam by de manlju yn aksje yn de B-groep op de 500 meter. Hy hie 35.61 nedich en dat smiet in sânde plak op.

Sneon wer

Sneon ride de froulju en manlju wer in 500 meter yn Tomaszów Mazowiecki.

(advertinsje)
(advertinsje)