Man moat 13,5 jier de sel yn foar oandiel yn saak drugskotter

In man út Amstelveen dy't de skipper fan in Urker fiskersboat oanset hat ta kokaïnesmokkel, is troch de rjochtbank yn Amsterdam feroardiele ta 13,5 jier selstraf.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De 261 kilo kokaïne waard ferline jier ûntdutsen doe't it skip yn de haven fan Harns lei. De opfarrenden en ien fan de eigeners krigen earder al selstraffen tusken de 3 en 6 jier oplein.