Fjild op Skoatterwâld ôfkard: froulju SC Hearrenfean net yn aksje

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean komme freed net yn aksje. It fjild op Sportpark Skoatterwâld is troch de rein ôfkard. Dêrtroch giet de wedstriid tsjin PEC Zwolle net troch.
© Wiegmink Media
It is noch net krekt dúdlik wannear't de wedstriid ynhelle wurdt. De wedstriid tusken SC Hearrenfean en PEC Zwolle is wol in wichtich duel. Hearrenfean stiet sechde en Zwolle sânde.