Booy oer Mathieu: "Op een gegeven moment is het buigen of barsten"

07 des 2018 - 13:25

It geduld fan SC Cambuur mei Justin Mathieu begjint sa stadichoan op te reitsjen. Freed makke de klup bekend dat de oanfaller dissiplinêr skorst wurdt oant en mei de winterstop. Technysk manager Foeke Booy is "zeer teleurgesteld".

Justin Mathieu (r) lâns Jamie Jacobs - Foto: www.orange-pictures.nl

Mathieu traint oant en mei de winterstop mei de beloften fan Cambuur mei. Hy komt dus net mear yn aksje yn de kommende fjouwer wedstriden fan it earste team. "Het is duidelijk dat we niet over één nacht ijs zijn gegaan", fertelt Booy. Oer wat der krekt bard is, wol de Ljouwerter neat sizze. Wol fynt Booy de ûntstiene sitewaasje spitich: "Ik ben zeer teleurgesteld."

De fraach is wat de skorsing fan Mathieu betsjut foar syn takomst. It is nammentlik net de earste kear dat er skorst wurdt. Ferline seizoen barde it ek al twa kear. Yn de oanrin nei de winterstop sil Cambuur mei Mathieu om 'e tafel om de takomst te bepraten. Booy wol noch net foarútrinne op dat petear. "Maar op een gegeven moment is het buigen of barsten", lit Booy kryptysk witte.

(advertinsje)