Der farre sneon minder boaten nei Skiermûntseach

07 des 2018 - 13:17

Der farre sneon minder boaten op de rûte fan Lauwerseach nei Skiermûntseach. Dat komt troch it waar.

De fearboat fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Fanwegen de ferwachte hege wetterstân falle de tsjinsten sneontemoarn út. De boat fan 9.30 nei Skier fart net en de boat fan 10.30 fan Skier nei Lauwerseach falt ek út.

(advertinsje)