Hoe moat SC Hearrenfean Willem II-topskoarer Fran Sol tsjinhâlde?

07 des 2018 - 13:15

SC Hearrenfean wûn ôfrûne wykein foar it earst in wedstriid yn it eigen Abe Lenstrastadion. Promovendus Fortuna Sittard waard mei 3-1 ferslein. Trainer Jan Olde Riekerink hopet dy oerwinning in ferfolch te jaan tsjin Willem II.

Fran Sol mei Stefano Marzo, âld-spiler fan SC Hearrenfean. - Foto: Orange Pictures

"Je mag je best zorgen maken, maar je moet niet in paniek raken. Als je me vraagt waar ik me het meest zorgen om hebt gemaakt dan is dat om het stadion weer vol te krijgen met leuk voetbal en dat we dan ook nog winnen. Ik ben blij dat de jongens dat tegen Fortuna hebben laten zien."

Dave Bulthuis

Ferdigener Dave Bulthuis is werom fan in skorsing, mar it is de fraach oft hy tsjin Willem II ek spylje sil. Bulthuis hat oanjûn dat hy allinnich sintraal spylje wol, mar dat is ek de favorite posysje fan Kik Pierie. "Ik hoop dat ik zaterdag weer centraal sta", sa seit Pierie. "En dan is het aan mij om Fran Sol van doelpunten af te houden."

Topskoarer Fran Sol

Willem II hat mei Fran Sol de topskoarer fan de earedifyzje yn 'e hûs. De Spanjert nimt mear as de helte fan alle doelpunten fan Willem II foar syn rekken (12 fan de 23). Sa skoarde hy ferline wike beide doelpunten tsjin AZ. It is dan ek net ferrassend dat in soad klups Fran Sol op in listje stean ha. Sa wurdt hy neamd foar de spitsposysje by Feyenoord en AZ.

"Hij is altijd doelgericht. Bij ballen van de zijkant wil hij altijd voor zijn man komen, dus je moet altijd in de gaten houden waar hij is", sa seit Pierie.

Ek Olde Riekerink is ûnder de yndruk fan Fran Sol. "Hij kan sneller denken dan anderen. Zoals tegen AZ. Je denkt: de bal komt per ongeluk voor zijn voeten, maar hij kiest net even sneller positie. Hij is heel alert. Hij maakt doelpunten ogenschijnlijk uit het niets."

Morten Thorsby is der net by. De middenfjilder is werom fan in skorsing, mar is blessearre. Efter de namme fan Sam Lammers stiet in grut fraachteken. Lammers miste de wedstriid tsjin Fortuna fanwegen in blessuere oan syn boppeskonk en is noch net folslein fit. Ek de útblinker yn de wedstriid tsjin Fortuna Sittard, Arber Zeneli, is der miskien net by. Zeneli is siik.

(advertinsje)
(advertinsje)