Freedsmerk: "Wij geven veel te veel uit deze maand. Vooral mijn vrouw!"

07 des 2018 - 13:05

Desimber is in djoere moanne. It jild dat konsuminten dizze wiken útjouwe liket wer alle rekôrs te brekken. Op de Ljouwerter freedsmerk waard dit ek wol sjoen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"In bulte fretten, kado's mei Sinteklaas en de Krystdagen, tsja, dan wurdt it in djoere boel. Mar je dogge it sels. It hoecht net!"

"Je sjogge geregeld dat it mis giet. Dan jouwe se sa'n soad út, dat se yn jannewaris net mear útkomme." In man joech it ek wol ta: "Ook wij geven veel te veel uit deze maand. Vooral mijn vrouw!"

In oare reaksje: "Eartiids krigen we mei Sinteklaas twa pakjes, dan wie it klear. Mar no? It is oergryslik!" Dochs wiene der ek oere lûden: "Ik geef altijd makkelijk geld uit, daar heb ik december niet voor nodig..."

Freedsmerk oer de djoere moanne.

Trefwurden: 
freedsmerk djoere desimber
(advertinsje)
(advertinsje)