UNIS Flyers mooglik út kompetysje by ûntbrekken eigen iishockeybaan
Der moat op hiel koarte termyn in oplossing komme foar UNIS Flyers, no't sy net langer traine en wedstriden spylje kinne yn de iishockeyhal fan Thialf. As it de klup net slagget om thúswedstriden te hâlden, dan moat de klup him weromlûke út de kompetysje. Dat soe de ein fan UNIS Flyers betsjutte, seit foarsitter Henk Hoekstra.
De klup jout al oan dat de earste thúswedstriid, sneon 15 desimber tsjin HYC Herentals, útsteld wurde moat. Hoekstra fynt it no noch te betiid om it oer oanspraaklikheid te hawwen, mar slút net út dat se dat letter noch útsykje litte. "Alles is der no earst op rjochte om in oare baan te finen. We moatte iis ha." Hoekstra is mei it bestjoer hurd op siik nei alternativen, mar it liket foarearst dreech om in geskikte baan te finen.
Grut probleem mei traine en spylje
De spilers kinne foarearst traine yn de Elfstedenhal yn Ljouwert, mar dizze hal lient him minder foar wedstriden om't der minder publyk yn kin. Boppedat ha benammen de jeugdteams no in grut probleem mei trainen en spyljen. Neffens Chéval van den Bos, teamlieder by UNIS Flyers, traine der acht jeugdteams sa'n twa oant trije kear yn 'e wike. "We kunnen wel uitwijken naar Leeuwarden, maar die hebben zelf jeugdteams die trainen."
Fiergeande konsekwinsjes
De thúsbaan fan de UNIS Flyers is eigendom fan de gemeente, mei Thialf as eksploitant. De iishockeyers hiere de baan en sy binne tongersdei kompleet ferrast troch it nijs dat dizze ticht giet om't de konstruksje net feilich genôch wêze soe. It sluten fan de iishockeyhal hat net allinnich fiergeande sportive konsekwinsjes, mar ek finansjeel kinne de gefolgen grut wêze. De klup mist ynkomsten fan de thúswedstriden en hat sponsoaren en seizoenkaarthâlders dy't se teloarstelle moatte. "We kinne neat sjen litte", seit Hoekstra.
De ferhierder hat wol stekken falle litten, fynt Hoekstra. "Mei de renovaasje fan Thialf is de hal loskaam fan it gebou, dan hiene se it dochs nei rinne kinnen op de boukundige kwaliteit? Der binne in protte fraachtekens. Foar ien of twa wedstriden kinne we noch wol útwike, mar as it langer duorret krije wy grutte problemen."
Jeugdteamlieder Chéval van den Bos en foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers
De iishockeyhal fan Thialf bliuwt ticht oant it momint dat spesjalistysk ûndersyk nei de konstruksje fan de hal oantoand hat dat de hal wer feilich brûkt wurde kin. Dat sei boargemaster Tjeerd van der Zwan tongersdei op in parsekonferinsje oer syn beslút om de hal foarearst te sluten.