Bobslider Dennis Veenker: "Foarm is better as de ôfrûne jierren"

07 des 2018 - 11:51

Bobslider Dennis Veenker fan It Hearrenfean moast ferline jier genôch nimme mei in reserverol yn de Nederlânske ploech, mar dit jier is dat oars. Veenker is no fêst ûnderdiel by de fjouwermansbob. Oankommend wykein set it seizoen útein mei de wedstriden yn Sigulda, dat leit yn Letlân.

Foto: Viesturs Lacis

Dennis Veenker fanút Letlân

Dennis Veenker fanút Letlân

De wrâldbekerwedstriden yn it Letske Sigulda binne de ôftraap fan it bobslydseizoen. De twamansbob komt sneon en snein yn aksje. Om't de baan yn Letlân te lyts is, binne der gjin wedstriden foar de fjouwermansbob. Dat wurdt takom wike kompensearre yn Winterberg yn Dútslân. Dan bliuwt de twamansbob oan de kânt stean en hat de fjouwermansbob twa wedstriden.

Veenker is hoopfol foar de start fan it seizoen. "It nivo is it bêste dat we yn in pear jier hân hawwe en dat fielt hiel goed. We sille dit wykein ôfwachtsje moatte om te sjen wêr't we echt steane. Ik hoopje op in klassearring yn de top 10. Dat soe echt hiel goed wêze", fertelt de Feanster. Hy nimt kommend seizoen sawiesa plak yn de fjouwermansbob.

Mooglik dat hy ek de wedstriden yn de twamansbob dwaan mei, tegearre mei piloat Ivo de Bruin. Dat wurdt nei oankommend wykein dúdlik. Sneon mei Janko Franjic mei De Bruin de ôfdaling meitsje en snein kin Veenker him sjen litte. Dêrnei nimt de bûnscoach in beslút wa't dit seizoen mei De Bruin de twamansbob docht.

Foto: Dennis Veenker

It is net echt wintersk. Soms leit der wat snie en soms reint it wat.

Bobslider Dennis Veenker oer it 'winterwaar' yn Letlân

By de start fan it seizoen tink je oan strange froast en snie. Mar neat is minder wier yn Sigulda, seit Veenker. "It is net echt wintersk. Soms leit der wat snie en soms reint it wat. Om in oerke as healweis fjouweren giet de sinne ek al ûnder en is it tsjuster."

De omstannichheden binne foar de bobsliders wat oars as wat se ferline seizoen wend binne. Twa moannen lyn waard bekend dat Holland Casino net trochgean soe as sponsor. En dus is it lette op de lytse saken.

"It hat wol effekt hân. We sitte yn mindere hotels en yn febrewaris ride we bygelyks fan Calgary nei Whistler yn stee fan dat we fleane. Dat is in dei yn de auto. Sa besykje we wat op de sinten te letten." De Nederlânske bobslydploech kin wol gewoan meidwaan oan de wrâldbekerwedstriden, acht yn totaal, en oan it wrâldkampioenskip.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(advertinsje)