Nij natuerakwadukt oanlein by Easterskar

07 des 2018 - 11:05

By natuer- en sompegebiet it Easterskar fan it Fryske Gea wurdt in spesjaal akwadukt oanlein: in natuerakwadukt. Yn plak fan dat in feart en in dyk inoar kruse, sa as by in 'normaal' akwadukt, kruse by dit akwadukt twa fearten inoar.

Ut fjouwer stikken beton wurdt in dûker makke dêr't in feart oan'e râne fan it gebiet troch hinne kin. Mar dêr boppe rint aanst in oare feart, in saneamde slinke. Dy slinke soarget der foar dat farsk wetter fanút de Tsjonger it natuergebiet berikke kin.

Wetter ynlitte sûnder te pompe

Omdat sawol it Easterskar as de Tsjonger heger lizze as it boerelân dêromhinne, moat der wurke wurde mei twa ferskillende wetterpeilen, dy't inoar yn dit spesjale akwadukt kruse. Ek tusken de Tsjonger en it Easterskar sit noch 40 sintimeter hichteferskil. Dêrtroch kin natuerbehearder it Fryske Gea aanst wetter it sompegebiet ynlitte sûnder dat der dêrfoar pompt hoecht te wurden.

Mei elkoar foarme de betoneliminten in dûker dêr't aanst noch in sleat oerhinne komt. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ekologyske ferbiningssône

De nije slinke ferbynt it Easterskar net allinnich mei de Tsjonger; it is ek nochris in saneamde ekologyske ferbiningssône. Dy ferbynt ek oare natuergebieten mei it Easterskar lykas de Braandemar. Dat is goed nijs foar bygelyks de otter of de grutte fjoerflinter. Dy soarten kinne dan hin en wer reizgje. It ferbinen fan natuergebieten soarget derfoar dat seldsume soarten minder gau útstjerre.

It tredde fan fjouwer betoneleminten fan elts 24 ton swier wurdt pleatst. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)