Poiesz warskôget: gebak net goed, der kin plestik yn sitte

Supermerkketen Poiesz hellet fuortendaliks alle farsk- en djipfriesgebak werom, dat yn de wyt-oranje blokte finsterdoazen sit. It giet om gebak dat ferkocht is oant en mei 5 desimber.
© Poiesz
It is mooglik dat dêr stikjes plestik fan de ferpakking yn terjochte kaam is. Dat kin gefaarlik wêze. Poiesz freget klanten om it gebak net op te iten, mar it werom te bringen nei de winkel. Se krije dan har jild werom.