Mathieu foar de tredde kear skorst troch Cambuur

Hy liket it net te learen, want Cambuur-oanfaller Justin Mathieu is freed foar de tredde kear yn oardel jier skorst troch Cambuur. Hy moat oant de winterstop by de beloften traine.
© www.orange-pictures.nl
Cambuur seit net wêrom't de oanfaller, dit seizoen goed foar 5 goals en 2 assists, net wolkom is. De klup wol fierder ek net reagearje.
Mathieu is earder alris troch âld-trainer Marinus Dijkhuizen bûten de seleksje hâlden, doe tegearre mei Ricardo Kip. Yn maart fan dit jier kaam Mathieu ek mei de hjoeddeiske trainer René Hake yn botsing. Hy hie him doe net oan de ôfspraken hâlden.
Earder dit seizoen waard ferdigener Matthew Steenvoorden al skorst troch Cambuur.