Kollum: "Hûnen"

07 des 2018 - 07:29

We wurde hieltyd faker warskôge foar it adoptearjen fan hûnen út it bûtenlân. As it no op de side fan de dierebeskerming , op de Facebookside fan Martin Gaus of yn 'e krante stiet, de mieningen binne nochal ferdield. Mar omdat ik ferskate ûnderfiningen mei hûnen út it bûtenlân ha, kin ik der miskien noch wat oan taheakje.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Us earste opfanghûntsje kaam út Spanje. Se wie mar lyts, siet dêr al jierren yn in asyl en omdat se al in jier as 7 wie, woe nimmen har ha, útsein ik. Har namme wie Xima en sûnt dat se by ús yn Warten kaam, hat se my net wer út it each ferlern. Se rûn los, lústere goed en wie leaf. Se hie it net sa op manlju stean en hong sadwaande wolris by in eksimplaar yn 'e boksen. Dat ha ik har ôfleard, mar nei trije jier krige se op in nacht in slimme epileptyske oanfal dêr't se tefolle skea troch oprûn hat. Doe ha ik har ynsliepe litten.

Letter hawwe wy twa strjithûntsjes adoptearre út Kroäsië, dy't al yn ús lân wiene. We soene ien ophelje, mar sy hie ek noch in suske, dus úteinlik kamen wy mei twa thús. Se wiene 4 moanne en hjitten Coco en Chanel mar fan Chanel ha ik Neltsje makke, want ik bin gjin Samantha. Yntusken binne se alwer seis jier mar ek dizze beide binne wol wat apart, benammen Neltsje. Sy kin net mei alle hûnen opsjitte en dan batst se deryn. Fierder binne se hiel leaf, mar kinst dochs merke dat se yn it begjin net goed sosjalisearre binne.

Yn 2016 kaam ús Bulgaar Timmy. Hy wie ek 4 moanne en sa skattich! Timmy waard in baas-hûn. Like heech as de keukentafel mar doe't er in moanne as acht wie, waard er hiel waaks. Ik ha alris in kollum oer him skreaun en úteinlik ha wy him ôfmeitsje litten omdat syn HD-operaasje mislearre wie. Timmy wie foar ús in echte freon, mar foar in frjemde in ramp. Dochs wie er wat er wêze moast; in Bulgaarske 'herder', mar al ien mei in flinke rêchsek.

Yn it ferline ha wy ek twa hûnen hân mei HD. Dy kamen út 'e Wâlden, dus ek ticht by hûs kin it mis gean. En ik soe hjir bêst wol in hûn út it asyl helje wolle, mar earlik sein ha ik dêr eins nea in klik mei. Meastentiids binne it de saneamde 'sterke rassen' mei in stekje los en sokke hûnen sprekke my net oan.

De oanskaf fan in hûn is altyd in aventoer mar ast ien út in bûtenlân helje wolst, tink dan om de folgjende dingen:

1: Sykje in betroubere stichting út dêr'tst goed kontakt mei hast en dy't sels ek kritysk binne.

2: Puppy's binne altyd skattich mar ast neat fan de eftergrûn witst, kinst nuvere dingen tsjinkomme as se âlder wurde.

3: Lit dy net oerhelje troch moaie praatsjes. Guon lju kinne negative gedrachsskaaimerken tûk ferblomje en gean der mar fanút dat 'een beetje aandacht, heeel veel aandacht' betsjut.

4: Ferdjipje dy yn de rassen dy't yn it lân foarkomme. In soad 'herders' en berchhûnen út lannen as Bulgarije binne fokt om selsstannich keppelskiep te beweitsjen. Se binne faak ienkennich en dêrom lang net altyd geskikt as famyljehûn. It kin in hiele opjefte wêze, wit ik út eigen ûnderfining.

De kar foar in hûn is hiel persoanlik mar ast leaver gjin risiko's rinne wolst, dan kinst better ien út de boartersguodwinkel helje. Dy gouden tip kin ik nei al dy jierren hunen út binnen- én bûtenlân mei in gerêst hert jaan."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)