Miljonêrs Eastermar yn dokumintêre: "Ik wie al gelokkich, mar ik bin wol hiel bliid mei myn Ferrari"

07 des 2018 - 06:49

In jier lyn wie Eastermar in gewoan doarp mei gewoane minsken, mei gewoane modale ynkommens. Dat feroare allegear op 1 jannewaris, doe't de grutste Postkoadekanjer ea foel. Hast 54 miljoen euro waard der ferdield oer de ynwenners fan it doarp. De famylje fan Johan de Haan wie ien fan de grutte winners: "It is noch hieltyd ûnwerklik."

It wiene de âlders fan De Haan dy't 18 miljoen wûnen. "We binne mei fjouwer bern en we binne no allegear miljonêr. De âlders kinne wol op de sinten sitte, mar dat hat ek gjin doel."

"Begjinst dy wol te realisearjen: wat ha we hjir eins wat by de ein", laket De Haan. Syn âlders wolle it leafst net mear yn de publisiteit. "Minsken sjogge dy dochs oars oan."

"Hoe giest mei soks om?"

Programmamakker Johanna Brinkman fan Omrop Fryslân hat ûnder oaren De Haan in jier lang folge. Yn har dokumintêre 'Eastermar' lit se sjen wat de miljoenen mei it doarp dien ha. "Ik hie ferwachte datst it folle mear útstriele soest datst jild hast en miljonêr bist", seit se. "Mar it is dy, Johan, ek oerkaam. Ik fûn it fassinearjend om te sjen hoe'tst mei soks omgiest. Joust it direkt út of just net?"

Makket jild gelokkich?

"Je wurde der wol gelokkich fan", seit De Haan. "Mar hjirfoar wie ik ek al gelokkich." Dochs feroaret der wol it ien en oar: "Der binne minsken dy't oars nei my sjogge. Mar de famylje makket by my it gelok."

Wat De Haan ek gelokkich makket is syn nije auto: in Ferrari.

"Ik bin der hiel bliid mei", fertelt De Haan oer syn Ferrari. "Dit is mear as in dream."

Mar mei de grutte jildpriis komt ek in soad stress: "Fral myn mem", seit De Haan. "In healjier lyn wie it hiel hektysk, mei de ferhuzing. En allegear minsken dy't wat fan je wolle. Sinten liene."

"It is frij normaal bleaun"

Brinkman woe yn har dokumintêre útfine wat it mei in doarp docht as der safolle sinten komme. "It hiele doarp hat 53 miljoen krigen. Wat dochst dêrmei? Ik hie ferwachte dat der wol wat te sjen wie, mar it is frij normaal bleaun. Keapest miskien in nije keuken of badkeamer, mar dat sjochst fan de bûtenkant net."

De Haan en Brinkman sieten oan tafel yn Fryslân Hjoed. Sjoch hjir it folsleine petear werom:

De Fryslân DOK oer de miljonêrs yn Eastermar wurdt útstjoerd op sneon 15 desimber op NPO2 en snein 16 desimber op de Omrop Fryslân.

(advertinsje)