Ek op It Amelân is der in protest mei giele heskes

It giele heskes-protest wreidet him sneon út nei It Amelân. It giet op it Waadeilân net om de hege diselpriis, mar om oare ûntwikkelingen dêr't de bewenners harren soargen oer meitsje.
In lyste demonstraasje yn Ljouwert © Kappers Media
Se liede de needklok foar de ferhuzing fan aldereinfoarsjenning De Stelp nei bûten it doarp, jeugdsoarch, âldereinsoarch en projektûntwikkelers.
Inisjatyfnimmer Frank Hulsebos ropt minsken op om sneon om kertier foar ienen nei de Torenstraat yn Nes te kommen.
Ferline wike wie der al in protest yn Ljouwert. Dat liket sneon ek wer te barren. Der is in protest oankundige by de gemeente Ljouwert.