Studinten rinne mear risiko op oantaasting en ferkrêfting

Studinten tusken de 18 en 24 jier rinne fjouwer kear safolle risiko om oantaaste of ferkrêfte te wurden. Dat docht bliken út ûndersyk. Omdat mar in lyts oantal nei sa'n yngripend foarfal profesjonele help siket, komt it Centrum Seksueel Geweld (CSG) mei in kampanje. It doel is studinten bewust te meitsjen dat der goede help mooglik is en dat dy ek needsaaklik is om trauma's foar te kommen.
Studinten rinne mear risiko op oantaasting en ferkrêfting
"We zien ze te weinig", seit Gerda de Groot. Sy is projektlieder fan it CSG Fryslân. "Meestal zoeken ze hulp bij ouders, vrienden of familie. Maar de stap naar professionele hulp maken ze niet." En dat is al needsaaklik, seit De Groot: "Je kunt er een levenslang trauma aan overhouden als je niets met de klachten doet."
Help fan famylje of freonen is net ferkeard, seit Gerda de Groot. It probleem is allinnich dat der no ek wolris in oardiel jûn wurdt: "Dan horen ze bijvoorbeeld van: je had ook best veel gedronken. Maar dat is nooit een vrijbrief voor een ander om aan jou te zitten."

Hegeskoallen witte no hoe't se helpe moatte

By hegeskoalle NHL Stenden binne se bliid mei de kampanje. De dekanen binne faak it earste oansprekpunt fan studinten mei problemen. Alle dekanen ha foarljochting hân fan it sintrum en witte no wat se dwaan moatte, mocht ien him of har melde. Dekaan Frouk Froling: "Er zijn wel studenten die zich bij ons melden. We hebben goed contact met het CSG en kunnen mensen gelijk goed doorsturen."
© Centrum Seksueel Geweld

Slachtoffers skamje har

Dochs doart net eltsenien syn of har ferhaal dêr del te lizzen. Dat is ek wol logysk, seit Gerda de Groot: "Er is toch vaak een gevoel van schaamte: Hoe kan mij dat nu overkomen. Waarom ik? Dat verwijten ze zichzelf dan. Maar ze moeten beseffen dat ze slachtoffer zijn en dat niemand het recht heeft zomaar aan je lichaam te zitten."
Frouk Froling: "En juist voor die studenten moeten we goed inzichtelijk maken waar ze hulp kunnen vinden." De ympakt fan seksueel geweld is grut. Froling: "Het heeft zeker weerslag op de studie. Hoe moet je je studie weer goed oppakken? Dat is heel erg lastig."

Gau om help

It CSG jout oan dat it fan grut belang is binnen in wike nei in oantaasting of ferkrêfting help te sykjen. Dat is fan belang foar it strafrjochtlik ûndersyk, mar belangriker noch foar it mentale herstel. "Des te eerder je hulp zoekt, des te beter. Veel mensen weten dat niet en daarom houden wij deze campagnes", seit Gerda de Groot.
Moandei wurdt úteinset mei de kampanje ûnder studinten. Takom maitiid folget in kampanje dy't mear rjochte is op skoalbern fan 12 oant 18 jier.
Gerda de Groot fan it CSG