Blamaazje foar Aris tsjin hikkesluter by kompetysjedebút Williams

06 des 2018 - 21:58

De basketballers fan Aris binne tsjin in gefoelich ferlies oprûn: de Ljouwerters ferlearen op besite by Weert, de hikkesluter fan de Dutch Basketball League. It waard 63-60 foar de Limboargers. Dy hienen yn de earste alve wedstriden noch mar ien kear wûn.

David Michaels - Foto: www.dijksfotografie.nl

Aris rûn al betiid efter de feiten oan. Nei it earste kwart hie Weert in foarsprong fan 21-13 te pakken. Mei in better twadde kwart kaam Aris wol wat werom. By it skoft wie it 31-29.

De Ljouwerters koene dêrnei it gatsje net hielendal ticht meitsje. Weert hie yn it tredde kwart sels in foarsprong fan trettjin punten. Yn de slotfaze fan it lêste kwart kaam Aris wol wer gau tichterby. De twa ploegen krigen in protte frije worpen. Beide misten dêr ek in protte fan, mar Aris (15 fan 23) wie krekt wat sekuerder as Weert (6 fan 11).

Dat wie lykwols net genôch om noch te winnen. Yn de lêste pear sekonden besochten Jonathan Williams, dy't syn kompetysjedebút makke, en David Michaels noch om in ferlinging út it fjoer te slepen, mar harren skotten fan efter de trijepuntsline giene mis.

Michaels topskoarer

David Michaels wie topskoarer by de Ljouwerters mei 21 punten, wêrûnder fjouwer trijepunters. Griffin Kinney hie 17 punten en 13 rebounds. By har ploechgenoaten lei de produksje kwa punten leech: gjinien mei mear as fiif punten.

Jonathan Williams hie in muoisume earste wedstriid: twa fan syn alve skotten fan it fjild wiene raak.

Trefwurden: 
Aris basketbal Weert
(advertinsje)