Advokaat SC Twizel: "Ynstoarten dug-out wie foar frijwilligers net te foarsjen"

It ynstoarten fan it dak fan in dug-out yn 2014 wie foar de frijwilligers fan SC Twizel net te foarsjen. Dat seit de advokaat fan de klup, Tjalling van der Goot. Tongersdei kaam justysje mei in eask fan 10.000 euro boete tsjin de club, wêrfan de helte ûnder betingst. Justysje fynt dat de klup mear ûndersyk nei de feilichheid fan de dug-out dwaan moatten hie.
Advokaat Tjalling van der Goot
"Je kinne net sizze dat de feriening dikke stekken falle litten hat", seit Van der Goot. "De klup hat de dug-out ynspektearre. Achternei kinne je sizze dat dat ûndersyk oars moatten hie, mar je kinne net oars as fêststelle dat se as frijwilligers dien ha wat se doe tochten dat goed wie."
Undersyksburo TNO hat ek berekkeningen dien, seit Van der Goot. "Dy seinen: as der gjin skuor yn de sydmuorre sit, dan wie der 350 kilo foar nedich om de dakplaat út evenwicht te bringen. Mei in skoar wie der 255 kilo foar nedich. Mar dat ha je noch net mei seis bern fan tsien jier."
It ferbaast Van der Goot dat allinnich SC Twizel foar de rjochter komme moast. "Want dy steane der eins it fierste fan ôf. Dy binne gjin eigener fan it fjild, net fan de dug-out, se organisearren it kuorbaltoernoai net. Der wie gjinien fan it bestjoer oanwêzich. Dy hiene mei dat toernoai neat te krijen."

"Gemeente bliuwt bûten skot"

"Ik ha my wol ferbaasd dat dejinge mei de measte ferantwurdlikheid en ekspertize, nammentlik de gemeente Achtkarspelen, bûten skot bliuwt", seit de advokaat. "Dy binne ek noch eigener en ferhierder fan it fjild mei de dug-outs. Ik sit net te wachtsjen op ferfolging, mar ik hoopje wol dat de rjochter dat meinimt by de fraach oft alle ferantwurdlikheid by de klup leit. Yn myn optyk net."

Slachtoffers: eask oan de lege kant

De slachtoffers fine de eask tsjin SC Twizel just oan de lege kant, fertelde har advokaat, Liesbeth Poortman. "Maar ze zeggen ook: het gaat ons niet om de boete. Het gaat hen erom dat de vereniging zich heeft moeten verantwoorden."