Selstraf Ravenswâldster (51) foar mishanneling; soan krijt wurkstraf

In 51-jierrige man út Ravenswâld is tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele foar bedriging en mishanneling. Hy krige in finzenisstraf fan 110 dagen, plus 110 dagen ûnder betingst. De man hie it 17-jierrige slachtoffer yn augustus dit jier op in feestje mishannele. De opleine straf wie itselde as it foararrest dêr't de man yn sitten hat.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Op it feestje yn Appelskea waard it slachtoffer troch de Ravenswâldster en syn soan mishannele, nei't der argewaasje ûntstien wie tusken lêstneamde en it slachtoffer. Doe't de 51-jierrige man letter oppakt waard, sloech er in plysjeman.

Ek straf foar soan

De soan fan de man krige ek straf; in wurkstraf fan 80 oeren en ek noch 80 oeren ûnder betingst. De heit en syn soan meie dêrnjonken twa jier lang gjin kontakt opnimme mei it slachtoffer. Twa wiken lyn stiene de twa terjochte foar besykjen ta deaslach. Dat lêste fûn de rjochtbank net bewiisd.