Slachtoffers dug-outdrama: eask jildboete oan de lege kant

06 des 2018 - 20:58

De neibesteanden en de troffen famyljes fan it drama mei de dug-out yn Twizel fine in jildboete fan 10.000 euro, wêrfan de helte ûnder betingst is, wol wat oan de lege kant. Dat seit de advokaat fan de slachtoffers, Liesbeth Poortman. "Maar ze zeggen ook: het gaat ons niet om de boete. Het gaat hen erom dat de vereniging zich heeft moeten verantwoorden."

Advokaat Liesbeth Poortman

Justysje easket de boete tsjin de sportferiening dy't ferantwurdlik holden wurdt foar it drama. Dêrby kaam yn 2014 de 10-jierrige Yrsa de Bruin om it libben, neidat de dug-out ynstoarte op in sportdei foar basisskoalbern. Fiif oare bern rekken ferwûne.

"Het is heel belangrijk dat men zich bewust is van risico's van een dug-out met scheuren erin", sei Poortman. "Of je nou een leek bent of deskundig, je moet vast kunnen stellen dat het mogelijk een levensgroot risico vormt."

Ferklearring fan de âlders

De advokaat hat ek in ferklearring foarlêzen út namme fan de âlders. Dy wiene dêr sels net ta yn steat. "Met de verklaring wil je mensen deelgenoot maken van je verdriet. En, zo geeft de familie aan, dit ongeval had voorkomen kunnen worden. Dat maakt het ook zo wrang."

SC Twizel joech oan dat se de skuor yn de dug-out wol sjoen hiene, mar net yn de gaten hiene dat it sa gefaarlik wêze koe. Poortman: "Maar er zijn ook allerlei getuigenverklaringen, ook van leken, die gaven aan dat ze het juist helemaal niet vertrouwden."

Swiere dei

"Het is een zware dag, maar het was ook noodzakelijk om er een streep onder te kunnen zetten. Deze zitting was voor hen een voorwaarde om verder te kunnen, ongeacht de uitkomst."

Trefwurden: 
rjochtsaak dug-out SC Twizel
(advertinsje)