Part fan Drachtster wensoarchsintrum ûntromme nei keukenbrân

06 des 2018 - 20:36

De brânwacht fan Drachten is tongersdeitejûn mei meardere auto's útriden foar in brân yn wensoarchsintrum De Warrenhove. It fjoer soe ûntstien wêze yn 'e keuken. Trochdat der in soad reek frijkaam, moast de tredde etaazje fan it gebou ûntromme wurde.

Foto: Srfotografie

In tal bewenners hie reek ynazeme en waard kontrolearre troch personiel fan de ambulânse. De brânwacht hat de etaazje fentilearre.

(advertinsje)